KOMT ALLEN TEZAMEN

dinsdag 13 november 2018

Under de titel “Komt Allen Te Samen” wurdt der op sneon 15 desimber yn It Harspit in muzikaal Krystdiner organisearre. Kafee De Buorren hat tegearre mei It Harspit de organisaasje op har nommen en hja binne al drok dwaande mei de tariedings. It fertier ûnder iten is bygelyks al in stikhinne regele; fansels sil der muzyk wêze mar ek filmkes foar de bern en plak om te ‘chillen’ foar de jongerein.
Eins hawwe Anne, Sieger en Trees alles wol op streek; se wolle allinnich noch graach witte op hoefolle gasten at se rekkenje kinne.


Mei oare wurden:
Wa’t gesellich komme wol te iten kin him/har opjaan troch in mailtsje te stjoeren nei: kerstdinerintopentwel@hotmail.com of eefkes te beljen mei It Harspit (0515-559666).


MEER NIEUWS >>

ADRES P. WALMASTRJITTE 8A - 8625 HE OPPENHUIZEN - TELEFOON (0515) 55 96 66 - E-MAIL INFO@ITHARSPIT.NL
MFCITHARSPIT
ontwikkeld door TTT software